Grutte natuerbrân op Flylân

03 apr 2013 - 06:26
  • De brân yn de dunen

In grut stik natuer op Flylân is tiisdeitejûn yn flammen opgien. Om goed kertier foar tsienen hinne bruts brân út op De Vliehors, it militêre oefenterrein. Hege flammen, de droechte en in stevige wyn soargen derfoar dat it fjoer him rap ferspriede koe.

De brânwacht hie de help ynroppen fan de KNRM. Dy rukte mei 20 man út, mar koe úteinlik neat dwaan. De brânwacht hat it kontrolearre útbrâne litten. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien troch in oefenbom fan definsje. Der waard tiisdeitejûn troch militêren oefene op Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)