Grutte mearderheid PS akkoart mei kredyt mûzeskea

15 apr 2015 - 21:18
  • Mûzeskea

In gruttte mearderheid yn Provinsjale Steaten is woansdei akkoart gien mei it plan om boeren, dy't yn jildproblemen driigje te kommen fanwege de mûzepleach, in liening te jaan. Allinnich de Partij voor de Dieren stimde tsjin. It kolleezje fan Deputearre Steaten lûkt goed tsien miljoen euro út foar de krediten.

Fan dit jild kinne minimaal 83 en makismaal 400 boeren in liening krije. Betingst is wol dat in boer in sûne bedriuwsfiering hat en gjin liening by in bank krije kin.

De provinsje wachtet noch wol op grien ljocht fan de Europese Unie foardat it lieningen útjout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)