Grutte malêze yn bousektor

08 maaie 2009 - 15:12
  • De bou fan nijbouwenten is hast stilfallen

Sa'n 30 oant 40 persint fan 'e boubedriuwen yn Fryslân driget de kommende moannen fallyt te gean. Dat seit it CNV nei oanlieding fan de lêste sifers oer de bousektor.

De fraach yn bynammen de wenningbou is bot ynsakke. It CNV ferwachtet dêrom dat in diel fan de bedriuwen fallyt gean sil. By it oare diel sil hast 25 oant 30 persint fan it personiel dien krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)