Grutte loads yn Eastermar yn 'e brân flein

27 des 2015 - 08:15

In loads oan de Grote Hornstwei yn Eastermar is sneontenacht yn 'e brân flein. It fjoer waard eefkes nei healwei ienen ûntdutsen. Omdat it in útslaande brân wie, waarden de brânwachtploegen fan Droegeham, Burgum en Gytsjerk ynsetten om it fjoer te bestriden.

Nei alle gedachten is earst in kontainer yn 'e brân flein. Dêrnei is it fjoer oerslein nei de 800 kante meter grutte loads. De brânwacht koe foarkomme dat de folsleine loads útbaarnde. Yn de loads stiene karavans. De measte koene beholden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)