Grutte krityk op ferheging OZB yn Noard-Nederlân

03 jun 2015 - 12:45
  • Jild

VNO-NCW Noard en MKB-Nederlân Noard fine dat de gemeenten yn Noard-Nederlân de ozb fierstente folle ferheegje. Gemiddeld giet de ûnreplikesaakbelesting op huzen yn it Noarden mei 4,6% omheech. Dêrmei gean gemeenten yn tsjin ôfspraken mei it ryk om de belesting mei net mear as 3% te ferheegjen. Ferwerderadiel is mei 18,5% in útsjitter. Op It Hearrenfean betelje hûseigeners 11,6% mear belesting. In part fan dat jild giet nei in nij ûndernimmersfûns. Ljouwert bliuwt mei in stiging fan 1,75% ûnder de grins fan trije prosint.

Dantumadiel hat de ozb mei 3,5% ferlege. Neffens de organisaasjes wurdt de ûnreplikesaakbelesting brûkt om finansjele tekoarten werom te bringen. De organisaasjes binne dêr poer op tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)