Grutte kraan by Friesland Bank

22 okt 2001 - 00:00

By de Friesland Bank yn Ljouwert is moandei in permanente kraan pleatst yn oardel meter dik beton. It duorret twa dagen om de kraan op te bouwen. De kraan sil it kommende jier de grutste glêzen koepel van Nederlân opbouwe. Yn de koepel wurdt 150.000 kilo glês ferwurke.

As de nijbou klear is, komt der in grutte operaasje om de kraan út it sintrum fan de gebouwen te tillen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)