Grutte kontrôle Drachten

12 sep 2014 - 10:23
  • Motorplysje

By in grutte miljeu- en transportkontrôle op it Noarderein yn Drachten hat de plysje tongersdei achttjin boetes útdield. Der waarden foaral frachtauto's en auto's mei in oanhingwein kontrolearre. Dy waarden fan de A7 en de Wâldwei helle en nei it Noarderein brocht.

De measte boetes wiene foar frachtauto's mei in te swiere lading en technyske mankeminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)