Grutte kontrôle op de A7

16 apr 2012 - 18:11
  • De A7

De plysje hat sneintejûn by in grutte kontrôle op de A7 27 bekeurings útdield foar te hurd riden. Trije bestjoerders moasten it rydbewiis ynleverje, omdat se mear as 50 kilometer te hurd riden. Sy hiene 196, 195 en 184 op de teller stean.

De kontrôle waard útfierd yn it ramt fan it projekt A7-feilich, dêr't yn gearwurke wurdt mei de plysje fan de provinsje Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)