Grutte klas troch besunigings

04 okt 2013 - 12:58

Troch besunigings fan it Ryk wurde ek op Fryske basisskoallen de klassen grutter. Dat konstatearret Jan Sijtsema, bestjoerslid fan CBO Fryslân, de koepelorganisaasje fan kristlike basisskoallen yn ús provinsje.

Ut it enkête fan it Algemien Underwiisbûn (Aob) docht bliken dat in klasse mei 30 bern of mear lang gjin útsûndering mear is. Troch de besunigings krije juffen en masters dien wêrtroch't gruttere groepen gearsteld wurde moatte. Benammen foar bern dy't wat ekstra oandacht nedich hawwe, is dan minder omtinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)