Grutte kettingbotsing op A7

22 sep 2011 - 11:05
  • Foto's: Omrop Fryslân

In kettingbotsing op de A7 flakby De Jouwer hat tongersdei foar in soad ferkearsoerlêst soarge. Fiif auto's knalden byelkoar op. Dêrtroch ûntstie in grutte ferkearsopstopping.

Om healwei alven botsten earst twa auto's tsjin elkoar oan. Trije oare auto's koene der net mear omhinne en der ûntstie in kettingbotsing. Trije minsken rekken ferwûne by it ûngelok. Guonts sieten fêst en moasten troch de brânwacht út de auto helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)