Grutte kâns opfang Nieuweweg

05 jul 2007 - 10:28

De kâns dat der yn it eardere bankgebou oan de Nieuweweg yn Ljouwert in dakleaze-opfang komt is grut.

Wethâlder Roel Sluiter sil de plannen nei de simmer oan de Ljouwerter ried foarlizze. Yn de nije opfang fan SMO Fryslân moatte sa'n 40 wenplakken komme foar eks-dakleazen. Woansdei koene omwenners fan de Nieuweweg harren miening jaan oer de plannen. De measten begripe netdat de opfang njonken de Weaze komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)