Grutte kâns op ierappelrot

08 maaie 2002 - 00:00

De kâns is grut dat ierappelboeren de kommende dagen te meitsjen krije mei in Phytophtora-útbraak. Phytophtora is in skimmelsykte dy't ierappelrot feroarsaket. De sykte ferspriedet him benammen by waarm en wiet waar.

It Hilbrand laboaratorium yn Wijster hat yn opdracht fan de NLTO ûndersyk dien. Dêrby hat bliken dien dat 40% fan de ierappels besmette is mei de sykte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)