'Grutte kâns dat Sahar bliuwt'

30 mrt 2011 - 10:00

De kâns is hiel grut dat Sahar in ferbliuwsfergunning krijt. Dat seit har advokaat Paul Stieger. Hy basearret him op it amtsberjocht dat it ministearje fan bûtenlânske saken nei bûten brocht hat oer bern dy't yn Afganistan nei skoalle gean.

Neffens Stieger is it in opmerklik berjocht dêr't yn beskreaun wurdt hoe't se yn Afganistan oer westerse famkes tinke. It befêstiget it byld dat westerse famkes altyd herkenber binne en dêrtroch net feilich binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)