Grutte jildpine Noorderlicht

05 des 2007 - 12:11
  • Fotomanifestaasje yn swier waar...

Foto-festival Noorderlicht kin har 4 fêste meiwurkers fan desimber ôf net mear betelje. De fotomanifestaasje hiert ek al in skoft gjin free-lancers mear yn en dy ferrjochtsje in grut part fan it wurk by Noorderlicht.

It festival wol mear jild ha fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en de stêden Ljouwert en Grins. De subsydzje is neffens wurdfierder Broekhuis te lang itselde bleaun. Noorderlicht is in jierliks fotofestival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)