Grutte himpkwekerij Slappeterp

10 jul 2013 - 11:14
  • De pleats yn Slappeterp dêr't de himpkwekerij fûn is.
  • Yn Slappeterp is in grutte himpkwekerij fûn.
  • In himpkwekerij

De plysje hat yn in loads yn Slappeterp in grutte himpkwekerij fûn. De loads stiet by in pleats. Neffens de plysje stean der tusken de trije en fjouwertûzen planten yn romtes ûnder de grûn. De plysje koe de loads earst net yn, omdat de brânwacht earst ûndersykje moast oft der gjin skealike stoffen yn de romten sieten. Dy romten wiene nammentlik earst brûkt as opslach foar dong.

Neffens de plysje hat de eigener fan de pleats neat te krijen mei de plantaazje, dy soe rund wurde troch in hierder.

De himpkwekerij waard ûntdutsen nei anonime tips. De stroom dy't brûkt waard, waard yllegaal ôftape.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)