Grutte himpkwekerij oprôle

20 jan 2006 - 20:48

Op it Hearrenfean is tongersdei in himpkwekerij oprolle yn in loads oan de Ljouwerterstrjitwei. De plysje hat dêr hast 2000 planten teld en 80 lampen. Yn de kwekerij is in 34-jierrige man út Kesteren oanhâlden. Twa oare fertochten, in man(36) út Aldehoarne en in man(28) sûnder fêst ferbliuwplak, hiene harren himp ferstoppe yn in oanhingwein mei ôffal. Ek sy binne oanhâlden. Alle himpplanten binne ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)