Grutte himmeldei yn Ljouwert

08 apr 2002 - 00:00

It sintrum fan Ljouwert krige moandei in grutte himmelbeurt. Strjitten en muorren waarden skjinspuite, grêften en fonteinen waarden leechhelle. It himjen barde op inisjatyf fan de gemeente.

Skoalbern en bedriuwen fierden it wurk út. Ek de plysje en stedswachten diene mei. Sy rûmen fytsen op by it stasjon. McDonald's hie twa oprêders ynset om troep út de Mercuriusfontein te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)