Grutte himmelaksje yn sintrum fan Drachten

06 nov 2014 - 18:02
  • It gefaarlike krúspunt

It sintrum fan Drachten wurdt de kommende wiken hielendal himmele. De gemeente set nije wike útein mei it ferwiderjen fan de graffity. Dêrnei wurde alle strjitstiennen himmele. Ek plakken dêr't in soad ôffal leit, lykas it busstasjon, wurde meinaam yn de aksje.

Sân jier lyn wie der foar it lêst in grutte himmelaksje yn it Drachtster sintrum. De gemeente hopet dat in skjin sintrum minsken stimulearret om it ek skjin te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)