Grutte gefolgen skiedings

27 jan 2011 - 17:03

Helpferlieners ûnderskatte gauris de gefolgen fan in skieding foar bern. Se jouwe somtiden terapy dy't op de lange termyn skealik is. Dat waard tongersdei sein op in sympoasium yn Ljouwert. Yn Nederlân rint ien fan de fjouwer houliken mei bern út op in skieding. Yn Fryslân giene yn 2010 goed 1000 stellen útelkoar.

Helpferlieners hawwe it smoardrok mei de begelieding fan bern dy't dêr it slachtoffer fan wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)