Grutte gefolgen ferkeap Essent

12 jan 2009 - 22:08
  • Enerzjybedriuw Essent wurdt mooglik ferkocht oan it Dútske RWE

De ferkeap fan Essent oan it Dútske bedriuw RWE hat grutte finansjele gefolgen foar meardere Fryske gemeenten. Dy strike miljoenen euro´s op, mar ferlieze wol har rjocht op dividend. Dat giet om grutte bedraggen want Essent draait tige goed. Foar Snits betsjut dat alle jierren in ton. As de oandielhâlders en de minister akkoart gean mei de ferkeap krije bygelyks Ljouwert 7.7 en Snits 3.8 miljoen euro. Ljouwert is net gelokkich mei de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)