Grutte fytskontrôle op Nijstêd

24 des 2008 - 09:54

De plysje hat tiisdei yn Ljouwert in grutte fytskontrôle hâlden om stellen fytsen op te spoaren. Op de Nijstêd waarden 50 fytsers oanhâlden. Trije fytsen stiene te boek as stellen. De fytsers waarden dan ek oanhâlden op fertinking fan stellerij of heling.

De fytsen waarden yn beslach nommen en it trio waard foar ferhoar meinommen nei it buro. Der waarden ek twa fytsen yn beslach nommen dêr't net dúdlik fan wie oft se wol of net stellen wiene. Dat sil noch neier ûndersocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)