Grutte fûllearaksje plysje

13 apr 2007 - 10:22

By in previntive fûllearaksje fan plysje en maresjaussee yn 'e Ljouwerter binnenstêd binne tongersdei 9 messen en 7 skroevedraaiers yn beslach naam. Al mei al waarden 99 minsken ûndersocht en 25 auto's kontrolearre op wapens.

By in man út Ferwert (42) waarden njonken in mes ek in 30-tal himp- plantsjes yn 'e auto fûn. By him thús waard yn in dowehok in himpkwekerij ûntdutsen mei 95 planten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)