Grutte Friezereüny stiet faai

14 okt 2011 - 11:31

De grutte Friezereüny dy't takom jier plakfine soe, stiet faai. Organisator Fryslân Ferbynt hat jildpine. De subsydzjestream driget ferlern te gean, om't Fryslân Ferbynt net mei de eigen bydrage komme kin, dy't ôfpraat wie. De finansjele problemen betsjutte dat allinnich de basisaktiviteiten noch mar dien wurde kinne.

Yn Provinsjale Steaten binne grutte soargen oer de saak. De VVD-steatefraksje fan hat fragen steld oan deputearre Sietske Poepjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)