Grutte fraude by Moerborch

31 mrt 2006 - 09:46

Fraude fan ien fan de meiwurkers hat soarchynstelling Moerborch op it Hearrenfean mooglik 100-tûzenen euro's koste. By de administraasje binne nepfaktueren binnenkaam en ek betelle. Hoelang oft dit al geande wie, is net dúdlik.

Dizze wike waard in nije meiwurker oansteld. Dy hat de fraude ûntdutsen. By Moerborch binne al langer finansjele problemen, mar dizze saak stiet der neffens de direksje los fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)