Grutte fraach nei winterbannen

22 des 2009 - 12:13

De fraach nei winterbannen is op dit stuit sa grut dat de leveransiers lang net genôch op foarried hawwe. By de bedriuwen dy't bannen montearje is it ekstreem drok. Fêste klanten en nije klanten wolle sa gau mooglik op winterbannen ride. Guon bedriuwen hawwe wol fiif kear safolle klanten as gewoanwei yn dizze perioade.

Der binne ek noch ekstra klanten foar it útlijnen fan autobannen, want der binne aardich wat autoriders dy't in stoeprâne rekke hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)