Grutte fraach nei wespemepper

11 aug 2009 - 12:05
  • Foetsie, de elektryske miggemepper

Nei de elektroanyske miggemepper Foetsie is in soad fraach ûntstien. Gruthannels en bedriuwen sitte sûnder en belje massaal nei ymporteur Wiep van der Meulen út Harns. Hy is de ienige dy't de elektryske mepper ymportearje kin út Sina.

De grutte fraach wurdt feroarsake troch de berjochten oer in kommende wespepleach. Heal septimber komme der wer in 30 tûzen fan de elektryske meppers binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)