Grutte fraach nei kachelhout

26 mrt 2013 - 12:50
  • De firma "Haardhout" yn Ferwert
  • Kachelhout

De hannelers yn kachelhout belibje op it stuit gouden tiden. Gewoanwei is it ein maart sa'n 10 graden, mar no jout de termometer al dagen net mear as krekt boppe nul oan. Der wurdt dan ek massaal stookt om it lekker waarm yn 'e hûs te hâlden.

Der is noch nea safolle gas ferstookt yn maart as dit jier. Mar ek de houtkachels brâne noch folop. De hannelers yn kachelhout fernimme dat goed, der is in soad fraach. By Haardhout Ferwert hawwe se 30% mear hout ferkocht as ferline jier yn maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)