Grutte fraach nei boetebonnen

19 des 2006 - 08:05

It giet dat it slydjaget by it Ljouwerter bedriuw Nettesnel.nl. Op dy webside kinne kadobonnen besteld wurde, dy't de ûntfanger brûke kin om snelheidsoertredingen fan maksimaal tsien kilometer te beteljen.

De fraach nei dizze boetebetaalbonnen oertreft de ferwachting. Neffens de eigner hat dat te krijen mei de grutte media-oandacht. Der wurde meast bonnen besteld mei in gemiddelde wearde fan 20 oant 30 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)