Grutte flaters by Sintrale As

21 aug 2012 - 16:14

De provinsje Fryslân hat grutte flaters makke by de grûnûnteigening foar de oanlis fan de Sintrale As. Dat is de konklúzje fan it ûndersyk dat de Kroan dien hat. De Kroan is it heechste orgaan fan de ùtfierende macht. De provinsje hat yn hûnderten gefallen it oanbod te let dien of de ûnteigeningsproseduere te gau opstart.

De Sintrale As is de noch oan te lizzen ûntslutingsdyk fan Dokkum nei Nyegea. It wol net sizze dat de Sintrale As no hielendal fan de baan is, mar der moat in soad wurk opnij dien wurde en dat kostet in soad tiid en jild.

De grûneigeners fiele de útslach as in oerwinning. De provinsje woe noch net reagearje, mar jout wol ta dat der flaters makke binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)