Grutte fjoerbal by ynslach

26 aug 2011 - 17:17
  • Ien fan de troffen auto's (foto: Oetze Deelstra)

De autobestjoerders dy't freed ûnder de swiere tongerbui ûnderweis wiene nei De Jouwer binne mei de skrik frijkaam. Op de A7 sloech it wjerljocht yn. Dêrby ûntstie in grutte fjoerbal. Dy rekke trije kear de dyk, wêrby't gatten ûntstiene.

Ferskate auto's hiene skea. Trije auto's binne fan de dyk helle, omdat se net mear fierder ride koene. Mei alle ynsittenden fan de auto's is it goed ôfrûn. De gatten yn de dyk wurde freedtejûn wer makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)