Grutte fjochtpartij yn Boalsert

17 jan 2005 - 14:03

Trije ynwenners fan Boalsert binne sneontenacht oanhâlden fanwege in grutte fjochtpartij yn har wenplak. Twa groepen fan by-inoar fyftich man krigen it yn de Dijkstrjitte mei inoar oan de stôk. De oarsaak fan de fjochterij is net dúdlik.

De plysje moast fjirtjin minsken en in hûn ynsette om de fjochtpartij del te bêdzjen. Ien fan de arrestanten waard biten troch de plysjehûn en moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)