Grutte fjochtpartij op it AZC yn Drachten

30 sep 2015 - 21:47
  • In grut tal plysje-auto's by de fjochtpartij yn it AZC yn Drachten
  • Ien persoan rekke ferwûne

Op it AZC yn Drachten hat woansdeitejûn in grutte fjochtpartij west. Inkelde tsientallen jongeren út it AZC binne mei-inoar op de fûst gien. De plysje is mei in grut tal plysje-auto's útrukt en hat trije oanhâldings dien.

Ut foarsoarch wie ek in ambulânse nei it AZC riden. Ien persoan rekke licht ferwûne. Nei de oanhâldings wie it gau wer rêstich yn it AZC. De oarsaak fan de fjochtpartij is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)