Grutte fjochterij Grou oplost

28 jul 2011 - 10:05
  • Grou (foto: Omrop Fryslân)

Mei de oanhâlding fan sân fertochten hat de plysje in grutte fjochtpartij yn it sintrum fan Grou oplost. Yn de nacht fan 4 op 5 maaie soe in groepke silers troch in groep fan sa'n tweintich man mishannele wêze. De silers binne in hotel yn flechte. Plysje-ûndersyk hat útwiisd dat net allinnich de grutte groep, mar ek de silers sels op slaanderij út wiene. De sân fertochten, út de omkriten fan Grou en tusken de 17 en 19 jier, hawwe in proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)