Grutte fisken oanspield op Fly

03 nov 2004 - 10:08

Op de Richel by Flylân binne tiisdei twa fisken fan sawat 11 meter lingte oanspield. It soe gean om 'walfiskachtigen'. De kaptein fan de oerfarder Oost-Vlieland seach se as earste. De melding waard letter befestige troch in SAR-helikopter.

Rêdingswurkers koene de bisten wer rjochting Noardsee dirigearje. De grutte fisken skine lykwols hieltyd de Waadsee wer yn te wollen. Tritich man diene mei oan de aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)