Grutte fersmoarging oalje

04 apr 2011 - 18:37

Der binne moandei by Koatstertille hûnderten liters oalje yn it wetter kaam. De oalje is fan it terrein fan in recyclingbedriuw yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal, de Twizelerfeart en it rioel telâne kaam.

Ynspekteurs fan it Wetterskip hawwe de grutte fersmoarging ûntdutsen. Der binne fuortendaliks maatregels naam om fierdere fersmoarging foar te kommen. It wetterskip is in strafrjochtlik ûndersyk begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)