Grutte ferskillen yn autofersekeringspreemjes yn Fryslân

03 des 2015 - 20:35

As jo deselde auto hawwe as de buorman, der like folle mei ride en krekt like lang sûnder skea binne, dan kin it hiel goed wêze dat je dochs folle mear betelje moatte foar de fersekering. Miskien wol hast 200 euro yn it jier mear. Dat docht bliken út ûndersyk fan de priisfergeliker Pricewise. Dy hat de prizen fan fersekeringen foar hast 60.000 ferskillende adressen opfrege.

Ek Fryslân is dêryn meinommen: dêr is Dongeradiel ûnder de loep naam. Pricewise fûn yn Dokkum in preemjeferskil fan 68 euro, goed foar 190 euro op jierbasis

Neffens direkteur Hans de Kok binne de grutte ferskillen dreech te ferklearjen. Fersekeringsbedriuwen sammelje in hiel soad gegevens per postkoade, oer ynkommen, oplieding en gearstalling fan it gesin.

Advys

Hans de Kok fan Pricewise advisearret om faker de preemjes fan autofersekerings te fergelykjen en oer te stappen. Adviseurs yn Dokkum nuansearje dat. Pricewise hat in eigen webside foar it fergelykjen fan preemjes en fertsjinnet der oan as minsken dêr trochklikke nei de fersekerder fan har kar. Boppedat is in fersekering mear as allinnich de priis: ek de oare betingsten moatte goed wêze. Ek kin it healwei oerstappen problemen opsmite by de registraasje fan it tal skeafrije jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)