Grutte ferkearstelling op A7

21 jun 2011 - 16:56
  • It ferkear is teld op de A7

Tûzenen auto's binne tiisdei op de A7 teld. Rykwettersteat wol nammentlik graach witte hoefolle ferkear der eins oer de A7 komt.

Tusken de ôfritten by Surch en De Jouwer telden groepkes studinten út Tilburg 24 oeren lang al it foarbykommend ferkear. Mei kamera's binne ek alle kentekens registrearre. Nei in stekproef krije guon bestjoerders thús in enkête tastjoerd. De útkomsten wurde û.o. brûkt om it ûnderhâld better te plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)