Grutte ferkearskontrôle op A7

07 nov 2010 - 14:44

De plysje hat sneontenacht in grutte ferkearskontrôle op de A7 by Terwispel hâlden. Ek dûane en belestingstjisnst diene mei. Der binne 33 bekeurings útskreaun foar ûnder oare glêde bannen en ferkeard ljochtgebrûk.

Twa kear waard it rydbewiis ynnaam om't der noch boetes iepenstiene. Twa begjinnende bestjoerders rieden mei drank op. Twa mannen binne oppakt nei't se de plysje misledige hiene en net meiwurken. Der is goed 3800 oan boetes ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)