Grutte ferkearskontrôle A6

27 mrt 2010 - 12:23

By in grutte ferkearskontrôle op 'e A6 by parkearplak De Lanen hat de belestingtsjinst flink ynkassearre. Der is foar mear as 82.000 euro oan belestingskuld ophelle. Ien betelle fuortendaliks in skuld fan 9500 euro.

Fjirtjin auto's waarden yn beslach naam. De plysje skreau 66 bekeurings út. Trije manlju út Rotterdam dy't trije kilo weed by harren hiene, binne oppakt en sitte noch fêst. De dûane die ek mei en trapearre trije bestjoerders mei reade disel yn 'e tank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)