Grutte ferdieldheid by BFVW oer aaisykjen

05 mrt 2016 - 00:17

Fryske bestjoerders moatte it fjild yn om te lotterjen by it finen fan it earste ljipaai. Dat is it plan fan it Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW) dêr't de leden freedtejûn yn mearderheid mei ynstimd hawwe. It foarstel soarge wol foar in soad diskusje. Tsjinstanners wolle eins leaver fuortendaliks mei de neisoarch úteinsette, en sjogge de mearwearde net fan in seremoanje. Se binne boppedat benaud dat alle drokte de natuer fersteure sil. Uteinlik is it foarstel mei 115 foarstimmers en 96 tsjinstimmers oannaam.

Takomstplan

It BFVW hat in plan makke om it aaisykjen dochs oantreklik te hâlden, ek al meie de aaien net meinommen wurde. Yn it nije plan stiet dat de kommissaris fan de Kening by it finen fan it earste ljipaai mei it fjild yngiet foar it oerlangjen fan de ûnderskieding de Sulveren Ljip. By it finen fan it earste aai yn in gemeente sil de boargemaster mei it fjild yn. De deputearre sil it fjild yn by it finen fan it earste jeugdaai en it útrikken fan it Sulveren Polske.

Twa wiken

Yn it foarstel is ek opnaam dat nei de fynst fan it earste ljipaai noch mar twa wiken socht wurde mei yn it iepen fjild.

Dit jier aaisykjen ferbean

Dit jier mei foar it twadde jier efterelkoar net aaisocht wurde. De provinsje hat gjin ûntheffing jûn om't it net goed giet mei de ljip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)