Grutte enkête ûnder boeren

07 sep 2010 - 20:16
  • Boeren yn Súdeast-Fryslân meie enkête ynfolje

ELAN, it gearwurkingsferbân fan de Agraryske Natuerferienings yn Súdeast-Fryslân sil in enkête hâlde ûnder in grut part fan de 1500 boeren yn it gebiet. De organisaasje wol wite hoe't de boeren tinke oer maatskippelike tsjinstferliening.

ELAN tinkt dat de lânbou yn de takomst net bestean bliuwe kin sûnder dat boeren ek op oare wizen jild fertsjinje. Se soene dat dwaan kinne op it mêd fan natuer, wetter, duorsumheid of enerzjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)