Grutte enkête oer winkeljen

07 sep 2007 - 11:36
  • Wêr winkelje minsken en wêrom? Dat wol de KvK witte

15.000 Friezen wurde de kommende moannen ûnderfrege oer har winkel- en keapgedrach. De Keamer fan Keaphannel wol sa te witten komme hoe't minsken tinke oer bepaalde winkelgebieten, de berikberheid en de mooglikheden om te parkearen. Gemeenten kinne de gegevens brûke om winkelsintra oantrekliker te meitsjen.

Minsken wurde belle, mar der geane ek enkêteurs op paad om it winkeljend publyk op strjitte te ûnderfreegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)