Grutte drugskontrôle yn Harns

07 jul 2013 - 14:58
  • Rederij Doeksen

De plysje hat freed en sneon yn Harns alle minsken dy't nei Skylge en Flylân gongen kontrolearre op drugs. De plysje docht dizze kontrôle sûnt 2010 alle jierren by it begjin fan de simmerfakânsje. Freed waarden 27 minsken oanhâlden, 12 fan har wiene minderjierrich. Op sneon gie it om 29 minsken dy't der útpikt waarden troch de drugshûnen. Fan har wiene 16 minderjierrich.

De âlden fan dizze jeugd binne fuortendaliks troch de plysje ynformearre en dat betsjutte foar acht jongeren de ein fan de fakânsje, se waarden ophelle troch de âlden.

De boetes dy't se krigen siet tusken de 50 en 140 euro. De plysje wol mei dizze aksjes oanjaan dat oerlêst troch drank en drugs op de eilannen net tolereard wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)