Grutte drugskontrôle Harns

11 jul 2015 - 11:45
  • Himp

De plysje hat freedtejûn in grutte drugskontrôle hâlden yn de fearterminal fan Harns. Fakânsjegongers waarden mei in drugshûn kontroleard, foardat se op de boat nei Flylân of Skylge stapten. By santjin fan har waarden drugs fûn. Fjouwer fan de santjin krigen in jildboete oplein, omdat se minderjierrich binne. Tsjin de oare trettjin is proses-ferbaal opmakke. De kontrôle waard hâlden om de oerlêst troch drugs om de eilannen tsjin te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)