Grutte drugsfangst yn Ljouwert

12 des 2003 - 00:00

De plysje Fryslân hat op Aruba twa mannen (39 en 27) en in frou (24) oanhâlden. Se wurde fertocht fan it meidwaan oan in kriminele organisaasje en kokaïnesmokkel nei Nederlân.

Ein septimber kaam de plysje de saak op it spoar doe't yn Ljouwert in pakket mei 3 kilo kokaïne ûnderskept waard. Earder binne yn Ljouwert al 3 minsken oanhâlden en yn Noard-Brabân nochris 6. Der binne ek wapens yn beslach nommen. Ek binne drugs op Skiphol fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)