Grutte drugsfangst yn Drachten

10 jan 2001 - 17:14

De plysje hat moandei yn Drachten in grutte drugsfangst dien. De plysje naam 9000 XTC-pillen, 1 kilo cocaïne, in pûn heroïne, in kilo hash en in fjoerwapen yn beslach. By de aksje waarden 3 manlju oanhâlden fan 36 (2x) en 40 jier.

De plysje kaam de drugs op it spoar troch klachten fan omwenners oer drugsdealers en gebrûkers. De manlju binne foarlaat oan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)