Grutte drugsdealer oppakt

15 sep 2011 - 11:24

In dealer yn harddrugs (32) út Ljouwert is tiisdei oanhâlden. De man soe troch hiel Fryslân in soad drugs ferkocht hawwe. De plysje kaam him op it spoar troch it drugsoerlêstteam. Hy wie tegearre mei in 40-jierrige Drachtster ûnderweis nei Drachten doe't de plysje him oanhâlde.

Yn syn hûs is in grutte partij harddrugs en baar jild yn beslach naam. De plysje ûndersiket oft der winst út de ferkeap werom te heljen is. Mooglik wurde der mear minsken pakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)