Grutte drugs- en aksynskontrôle op pier Holwert

05 jul 2015 - 08:36

De plysje en dûane hawwe freed en sneon in grutte drugs- en aksynskontrôle halden op de pier fan Holwert. By oankomst waarden de reizgers nei It Amelân ûnder oare kontrolearre mei speurhûnen. Minsken mei drugs yn 'e tassen of bûsen waarden oanhâlden en fuortendalik foarlaat oan de ofsier fan justysje.

Sa binne der meielkoar dit wykein sa'n 20 minsken trappearre mei ferskate drugs. Dêrby wie ien mei kokaïne. Ek binne der twa minsken mei ferbeane wapens oanhâlden. By de kontrôle op drank- en tabaksaksyns binne gjin oertredings konstateard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)