Grutte drokte op Bonkefeart

05 feb 2012 - 15:17

By de finish fan de Alvestêdetocht is it sneintemiddei drok mei reedriders en autoferkear. De Bonkefeart by Ljouwert liket wol de Kalverstrjitte yn Amsterdam, seit Omrop Fryslânferslachjouwer Geert van Tuinen. Yn Ljouwert is de iisdikte op dit stuit 10 sintimeter.

In soad reedride fan de Bonkefeart nei it Alvestêdetochtmonumint. By de Tegeltsjebrêge is it ek drok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)