Grutte drokte by minister

21 sep 2014 - 20:26
  • Minister Dijsselbloem fan Finânsjes wie ien fan de gasten fan Het Gesprek van Sneek

In lytse hûndert minsken kamen snein ôf op Het Gesprek van Sneek. De talkshow op lokaasje yn kafee Vellinga yn Snits hie minister fan Finânsjes Jeroen Dijsselbloem as haadgast. It publyk hie benammen in soad fragen oer de miljoenennota en de Russyske boykot. Dy boykot hat ek foar in tal Fryske ûndernimmers grutte gefolgen, mar neffens de minister sil der noch net gau in ein oan komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)